de*beweging

Fyzje

Feroaring meitsje we mei-inoar. Als sosjale bewegingen slaan we dêrom de hannen yninoar en easkje demokrasy foar elkenien, in earlike maatskippij, in ein oan diskriminaasje, in leefbere Ierde en ynternasjonale solitariteit. Rjochting de ferkiezings fan de Twadde Keamer en foaral ek dernei meitsje we in krêftige fûst. It kabinet is fallen, de*beweging stiet op.

*DEMOKRASY FOAR ELKENIEN

Minsken soenen mear macht hawwe moatte as bedriuwen. Jammer genôch is dat net sa. Grutte bedriuwen hâlde feroaring dy’t hartstikke nedich binne tsjin; fan de rjochten fan wurklju oant earlik klimaatbelied. Polityk is mear as ien kear yn de fjouwer jier stimme. De oerheid soe fan ús allegear wêze moatte. Dêrom wolle we demokratisering fan de hiele maatskippij: fan it ûnderwiis oant de wurkflier. Net direkteuren en politici moatte it foar it sizze hawwe, mar minsken soenen sels beslisse moatte. Mei each foar elkenien yn de maatskippij, benammen foar de minsken yn in kwetsbere posysje.

*IN EARLIKE MAATSKIPPIJ

De ekonomyske ûngelikens groeit. Hieltyd moatte mear en mear minsken nei de itensbank of helje finansjeel it ein fan de moanne net. Yn hiel Nederlân wenje ûnderwilens in miljoen minsken yn earmoed. De superryken wurde yntusken allinich mar ryker. Dit is in direkt gefolch fan it kapitalisme. Dit is een ekonomysk systeem dat draait om hieltyd mear groei en gruttere winsten, mar eins profitearje allinich minsken en bedriuwen dy’t al in protte jild hawwe der fan. Ek it ûngelikens tusken rike en earme lannen nimt ta. Dit moat oars. Om te begjinnen moat de wolfeart earliker ferdielt wurde. Stop earmoed én ekstreme rykdom.

*IN EIN OAN DISKRIMINAASJE

Elkenien soe frij en feilich opgroeie en libje moatte, los fan dyjinges kleur, sosjaal-ekonomyske klasse, godstsjinst, seksuele oriïntaasje, genderidentiteit, nasjonaliteit, lichem of handicap. Spitigernôch sit diskriminaasje djip woartele yn Nederlân en libje we noch mei de gefolgen fan (neo)kolonialsime. Der is in enoarme ûngelikens fan kânsen yn it ûnderwiis en op ‘e arbeidsmerk, flechtelingen en minsken sûnder dokuminten wurde systematysk útsletten. It taslachskandaal is mar ien fan de foarmen fan ynstitúsjoneel racisme en LHBTQI+ers wurde hieltyd mear konfrontearre mei bedrigingen en geweld. In driuwende krêft efter de normalisearring fan haat is ekstreemrjochts. Dêrom bouwe we oan in brede anti-rasistyske en anti-faksistyske beweging. Alle foarmen fan diskriminaasje en rasisme moatte stopje.

*IN LEEFBERE IERDE

No al stjerre minsken en oare bisten trochdat it klimaat feroaret en de natuer ferdwynt. De ferantwurdlikheid hjirfoar leit mei benammen by de rike lannen yn it mondiale Noarden en de slachtoffers falle foaral yn it mondiale Suden. Minsken stean net boppe de natuer, mar binne der diel fan. We moatte nije wizen fine om te libjen binnen de grinzen fan de planeet. De tiid driuwt. Foar de natuer en it klimaat stean de sinjalen op read. We hawwe nog mar in pear jier om de slimste gefolgen fan dizze krisis te foarkommen. Wat we no dogge bepaalt oft we in leefbere planeet oerhâlde.

*YNTERNASJONALE SOLIDARITEIT

Nederlân is ryk wurden fan it kolonialisme en ferstjinnet noch hieltyd jild oan ferneatiging en eksploitaasje wrâldwiid. As lân dat histoarysk ryk wurden is troch oare lannen te besetten, te berôvjen en te eksploitearjen, hat Nederlân in ferantwurdlikens om demokratyske bewegingen te stypjen dy’t wrâldwiid wurkje foar frede en selsbeskikking. Nederlân stiet yn solidariteit en hâldt op mei it skea oan oaren tabringen. Ús wolfeart moat net ten koste gean fan minsken yn ‘e rest fan ‘e wrâld.